Salang’t ik blog, haw ik twifele oft ik yn it Ingelsk blogge moat/wol. Ferline wike haw ik einlings in beslút naam en in blog yn it Ingelsk begûn. De measte online kontakten dy’t ik haw sprekke Ingelsk, en ik tink dat dat gau mear sil wêze …
Dit blog bliuwt Frysk, mar fan dizze wike bin ik ek yn it Ingelsk te finen. Om’t de measte Ingelsktalige minsken dy’t ik ken my kenne as Remkus de Vries, haw ik dy domeinnamme ek keazen.
Op it stuit haw ik in ultra minimalistysk ûntwerp, mar dat sil wierskynlik gau feroarje. Tink earst oer hoe’t dat der útsjen moat.