Ofskied nimmen bestiet net

Ofskied nimmen bestiet net. Ik leau dêr absolút yn, yn wat foar kontekst ek. De ôfrûne twa wiken is der in soad bard dat myn leauwe dêryn fersterke hat. Nei 17 jier ha ik in freondinne út de US wer moete en op ‘e nij te befreone. In hearlik weromsjen fan in gemuodlike siel, wêrfan ik 17 jier lyn tocht dat ik har nea wer sjen soe en ôfskied fan nommen hie.

De ôfrûne wike is Ida, ús hiele leave freondinne ferstoarn en wy hawwe har hjoed begroeven. In soad gemis, mar tagelyk ek it besef dat ek hjir it ôfskied nimmen net bestiet.

Lichaamlik sil ik har nea wer tsjinkomme, mar se sil foar altyd yn myn en ús gedachten wêze. Op dy manier nim ik ek nea ôfskied fan har. Foar my is se der noch altyd, mar net berikber op de gemien hinne manier fan hearre, sjen en fiele.

Yn de Happinez fan dizze moanne stie in moai stik oer dit ferskynsel mei Bram Vermeulen yn de haadrol. Ferstoarn betsjut net ûnberikber. In moaie geastferruimjende gedachte yn in wike as dizze.

Pfff… dat moast ik efkes kwyt.

1 reakce

Lit in reaksje efter

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.